UP!

UP! sjocht op in frisse manier nei âlder wurde. Ast dat wolst of net, ôfskied nimme heart by âlder wurde. Fan wurk, sûnens, mobyl wêze, minsken. Iensumens leit op de loer. Sit yn dysels. En do kinst der wat oan dwaan. Troch yn beweging te kommen. Dyn ferhaal te fertellen, nei oaren te lústerjen en der miskien wol wat fan op te stekken. En yn alle gefallen in soad wille te hawwen.

UP! organisearret petearen, talkshows en wurkkonferinsjes oer dingen dy’t der ta dogge ast âlder wurdst. De reaksje nei sa’n petear yn Fryslân: “Wat wie dit allemachtich moai!”