Nije webside

Fjouwer jier ûndernimmer en no in nije webside. Ik bin bliid mei de foto’s fan Tjerk de Jong Fotografie (Jeannette de Groot), mei de foarmjouwing fan A2Z reclameproducties en mei de technyk fan Rink Louwes. It resultaat fan harren wurk lit sjen dat se sjogge en begripe wa’t ik bin en wat ik doch. Dizze side jout my de kâns om de ferbining sjen te litten tusken de ferskate dingen dêr’t ik mei dwaande bin. En ferbinings lizze, dat is no ienkear wat ik graach doch!